Needopfang wurdt net ferkocht

13 apr 2006 - 11:24

De ferkeap fan it âlde kleaster yn Wytmarsum oan de Accoladegroep giet net troch. Eigner Theo van der Molen en de projektûntwikkelder binne it net iens wurden oer de ferkeappriis. It âlde kleaster wurdt brûkt as needopfang foar útprosedearre asylsikers.

No't de Accoladegroep it gebou net keapje wol, feroaret der foarearst neat foar de goed 100 bewenners. In eardere keaper heakke ek al ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)