Needopfang foar handikapten

02 feb 2005 - 10:46

Yn Oerterp komt in krisisopfang foar ferstanlik handikapten. It giet om minsken dy't eefkes net mear thús wenje kinne. Der is in soad ferlet fan sa'n foarsjenning yn Fryslân.

De krisisopfang wurdt opset troch de J.P. Van den Bent-stichting, in lanlike club oprjochte troch âlden fan ferstanlik handikapten. De organisaasje is yn Fryslân ek yn Drachten aktyf. De opfang komt oan de Ikewei en moat yn 2006 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)