Needopfang is 35.000 euro nedich

01 aug 2006 - 11:59

De Stichting Beheer Noodopvang Fryslân dy't de needopfang foar flechtlingen yn Wytmarsum eksploitearret, hat noch in tekoart fan 35.000 euro oer it jier 2005. It tekoart wie folle heger, mar is foar in grut part dutsen út donaasjes fan stipers. Bewenners fan de needopfang betelje hier, mar dat wie ferline jier net genôch om de eksploitaasje te bekostigjen.

It bestjoer siket noch nei nije fûnsen om it tekoart oan te foljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)