Needmaatregels om heech wetter

05 jan 2012 - 07:24

Yn Noardeast Fryslân hat it Wetterskip tongersdeitenacht op inkele plakken needmaatregels nimme moatten tsjin it hege wetter. By in hûs op Kollumer Aldsyl - tusken Kollum en de Lauwersmar - binne sânsekken pleatst omdat it wetter binnen drige te kommen.

In polder yn Dongeradiel drige der ûnder te strûpen omdat in gemaal stikken gie. Dêr is in needpomp pleatst om it wetter fuort te krijen. Woansdei waarden al polderdiken mei sânsekken ferstevige, dat gebeurde bygelyks by Suwâld. By deiljocht sette meiwurkers fan it wetterskip wêr útein om de kaden fan de boezem te ynspektearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)