Needlâning by Kollumersweach

01 maaie 2011 - 18:22
  • Foto: Henk Koster 112-nof.nl

In lyts sportfleantúchje hat sneintemiddei in needlâning makke yn de greiden by Kollumersweach. Der wiene twa minsken oan board, mar gjinien rekke ferwûne. Wat de oarsaak fan it ûngelok west hat, is noch ûnbekend. It tastel kaam boppe Dokkum al yn problemen, mar koe troch in oare brânstoftank dochs noch fierder fleane.

It fleantúchje hat wol skea troch de lâning. Trochdat it troch in greppel skeat yn de greide, rekke it lâningsgestel en de propellor stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)