Needlanding F-16 op fleanbasis

27 feb 2007 - 20:28

In F-16 hat tiisdeitejûn in needlanding op de búk fan it tastel makke. Dat wie nedich omdat it tastel problemen hie mei it noastsjil. De piloat is net ferwûne rekke.

De piloat kaam werom fan it reguliere oefenflecht. Alle helptsjinsten stiene klear, doe't it tastel sûnder landingsgestel lânne. It tastel leit noch op de baan en wurdt woansdei fuorttakele. Dan wurdt ek de skea oan de baan besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)