Needlâning fleantúch Starum

22 jul 2012 - 15:52
  • Fleantúch makket needlâning

In lyts fleantúch hat sneintemiddei in needlâning meitsje moatten by Starum. De piloat hie it idee dat der wat mis wie mei de motor en hat de Cessna fluch nei ûnderen ta brocht. De twa minsken yn it fleantúch, in broer (44) en sus (43) út Balk, koene sels út it tastel klimme en binne net ferwûne rekke.

De brânwacht waard yn earste ynstânsje oproppen, mar dit waard ek al gau wer annulearre. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de krekte tadracht fan de problemen. Neffens de plysje binne der gjin strafbere feiten fêststeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)