Needklok tsjin sâltwinning

10 sep 2011 - 16:11
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn 26 tsjerken yn it noardwesten fan Fryslân is sneon de needklok let. De aksje wie rjochte tsjin de sâltwinning yn it gebiet. Dy soarget foar fersâlting en dat bedriget de lânbou. Yn it gebiet wurde benammen poatierappels ferboud, dêr't miljoenen minsken oer de hiele wrâld fan ôfhinklik binne foar harren iten.

De aksjefierders fersette harren tsjin nije sâltputten. PvdA-Twadde Keamerlid Jacobi krige yn de tsjerke fan Slappeterp in dichtbondel oer it tema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)