Needklok foar frouljusfuotbal

13 feb 2014 - 19:55

It frouljusfuotbal fan SC Hearrenfean sit finansjeel opnij yn swier waar, foar it rinnende seizoen is der in tekoart fan 85.000 euro. Sportyf sjoen giet it poerbêst mei de froulju, se steane op it sechsde plak yn de BeNe-league. De oarsaak fan de finansjele malêze binne achterbliuwende sponsorbydragen en hegere ferfierskosten troch de dielname oan de BeNe-league, dy't in kombinaasje is fan Nederlânske en Belgyske klups.

Kommende moandei is der in breed oerlis mei belutsenen om in rêdingsaksje op tou te setten.

It frouljusteam falt ûnder in aparte stichting en net mear ûnder de lieding fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)