Needklok foar Boalserter byb

04 feb 2010 - 20:56
  • De biblioteek fan Boalsert sit yn swier waar

De biblioteek yn Boalsert liedt de needklok by de gemeente om't se net langer sels út de finansjele problemen komme kinne. De biblioteek sit yn in gebou mei twa ferdjippings en dat bringt safolle ekstra kosten mei dat se al tsien jier lang besykje te ferhûzjen.

Yn dy tsien jier binne der ferskate konkrete plannen west foar in nije lokaasje, mar alles gie op it lêste moment net troch. De direksje lit no de moedfearren hingje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)