Needkade foar Tsjummearum

04 jan 2012 - 12:56

Wetterskip Fryslân hat op ferskate plakken kaden ferstevigje moatten, om foar te kommen dat it hege wetter foar skea soarget. By ynspeksjes fan de kaden die bliken dat der by Suwâld en Earnewâld sânsekken komme moasten. En by Tsjummearum is in needkade oanlein, omdat it wetter dêr oars it lân opkomme soe. It wetterskip hat it kalamiteiteplan yn wurking steld fanwege it hege wetter en de stoarm.
Dat senario hâldt ûnder oare yn dat der in aksjesintrum ynrjochte is yn it wetterskipsgebou yn Ljouwert.

Ferwachte wurdt dat it wetterpeil de kommende dagen mei noch 10 sentimber omheech giet nei 28 sentimeter ûnder NAP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)