Needgjalp fan filmfestival

09 nov 2008 - 20:51

It Noardelik filmfestival yn Ljouwert hâldt op te bestean as de oerheid yn 'e takomst net mear jild beskikber stelt. Dat sei saaklik lieder Jacqueline Schrijver snein op de lêste dei fan it filmspektakel.

De organisaasje liede de lêste dagen fan it festival de needklok, troch foar eltse film in eigen filmke te draaien mei dêryn it boadskip dat dizze edysje de lêste wêze sil. De organisaasje hat in begrutting fan 350.000 euro. Dat moat nei 500.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)