Needfûns foar seehûnen

15 jan 2013 - 13:32
  • Seehûnekresj Pieterburen

Om yn de takomst ek seehûnen rêde te kinnen by grutte epidemyen of rampen, wol Lenie 't Hart fan seehûnekresj Piterbueren in needfûns oprjochtsje. De kresj hat sels net genôch jild om grutte rêdingsoperaasje te beteljen.

't Hart wol mei in aksje jild ynsammelje foar it needfûns dat allinnich foar rampen bedoeld is. Der is op syn minst ien miljoen euro nedich. Neffens Lenie 't Hart driget de seehûnekresj by in nije rêdingsoperaasje fallyt te gean as it jild der net komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)