Needferoardering op It Fean

27 apr 2007 - 10:45
  • De Jonge hat needferoardering ôfkundige

Boargemaster De Jonge fan Hearrenfean hat freed in needferoardering ôfkundige foar dit wykein. Fan sneon 12.00 oere ôf kin de plysje hurder optrede tsjin fuotbalsupporters dy't har misdrage.

Snein spilet Hearrenfean tsjin Feyenoord. Der wurdt rekken hâlden mei ferfelende supporters. Minsken dy't de oarder fersteure, wurde oanhâlden of bûten de gemeente set. De feroardering rint oant sneintenacht 00.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)