Needferoardering om bom

03 sep 2009 - 20:52
  • De bom sil tiisdei ûntploffe

De gemeente Skarsterlân hat in needferoardering ynsteld fanwege it oprêden fan in bom by Eagmaryp, no tiisdei. Yn in straal fan hûndert meter moat eltsenien fuort wêze. En yn in straal fan in kilometer meie minsken en bisten net bûtendoar wêze. Der kinne mooglik skerven delkomme.

It ferkear tusken De Jouwer en Terherne wurdt omlaat. Alle omwenners binne op 'e hichte steld. De hiele operaasje nimt nei alle gedachten fjouwer oeren yn beslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)