Needfûns foar keatsferienings

02 mrt 2012 - 15:53

It keatsbûn KNKB komt mei in needfûns foar ferienings dy't it troch it weromrinnende tal leden dreech fine kontribúsje ôf te dragen. Ferienings mei jildpine kinne tydlik in berop op dat needfûns dwaan. Yn ruil foar jild beskikber stelle, easket it KNKB wol dat de feriening der alles oan docht it ledepeil heger te krijen.

Koartlyn waard noch bekend dat de ôfdieling Wurdum/Wytgaard problemen hie mei de ôfdracht fan kontribúsje oan it KNKB. Foarsitter Sipke Saakstra fan it keatsbûn KNKB hopet mei sa'n needfûns fan 10.000 euro klups te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)