Need is heech foar Trimmer

16 des 2013 - 16:48
  • De Trimmer yn Dokkum

Undernimmers moatte meitinke oer in oplossing foar sporthal De Trimmer yn Dokkum. Dat fynt de gemeente Dongeradiel. No meitsje ferskate sportferienings noch gebrûk fan de sporthal, mar dy is nedich oan ferfanging ta. Takom jier simmer moat der in definityf beslút falle: de âlde hal renovearje of in folslein nij sportpark.

De rie hie al besletten tsjin nijbou fan 6 miljoen euro. Mar de renovaasje fan 2 miljoen set likernôch ek noch net útein. De gemeente wol de saak noch ien kear goed besjen en docht dêrby in berop op ûndernimmers.

De brânfeiligens fan de sporthal kin oant 2015 garandearre wurde en net langer. De sporthal is goed fjirtich jier âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)