Nederlânske titel foar judoka Miranda Wolfslag

03 okt 2015 - 22:27
  • Miranda Wolfslag

Miranda Wolfslag hat op it Nederlânsk kampioenskip judo de titel behelle yn de klasse oant 52 kilo. De Ljouwerter wûn yn de finale op ippon fan Géneviève Bogers. It is foar Wolfslag de twadde kear sûnt 2011 dat se Nederlânsk kampioen wurdt.

Jennifer Wichers rûn de titel krekt mis. Yn de klasse oant 63 kilo ferlear se troch in houdgreep fan Juul Franssen. Yn 2013 wûn Wichers goud op it NK. Ek Wytze de Jong pakte sulver. Hy ferlear yn de finale oant 66 kilo op punten fan Junior Degen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)