Nederlânske shortrackmanlju yn finale yn Shanghai

13 des 2014 - 14:10
  • Sjinkie Knegt

De Nederlânske shorttrackmanlju hawwe har sneon pleatst foar de finale op de ploege-achterfolging by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai. De shorttrackploech mei dêryn Sjinkie Knegt fan Bantegea, Daan Breeuwsma fan Aldeboarn en Itzhak de Laat út Ljouwert, wûn oertsjûgjend de heale finale. Op de lêste meters fersloech Knegt syn konkurrint Yoon-Gy Kwak út Súd-Koreä.

Yn dy finale nimt Oranje it snein op tsjin Kanada, Amearika en Súd-Koreä. Opfallend is dat de Olympysk kampioen Ruslân al yn de earste omloop útskeakele waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)