Nederlânske riders winne ploege-efterfolging yn Kolomna

12 feb 2016 - 19:16
  • Douwe de Vries

De Nederlânske ploech mei Arjan Stroetinga, Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen hat op de ploege-efterfolging op it WK yn Kolomna de wrâldtitel prolongearre. It manljusteam wûn yn in tiid fan 3.40.04. Noarwegen waard twadde yn in tiid fan 3.41.26 en it brûns gie nei Kanada mei in tiid fan 3.43.28.

"We hebben in Inzell deze race al gereden met deze jongens. Het blijkt weer dat ze van begin tot eind een strakke race kunnen rijden. We gingen weg op 3.40 en dat hebben ze uitstekend gedaan," sa sei bûnscoach Geert Kuiper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)