Nederlânske reedrydfroulju op 'e nij twadde op efterfolging

12 des 2015 - 17:19

Marrit Leenstra, Antoinette de Jong en Linda de Vries binne sneon twadde wurden op de efterfolging by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Yn in streekrjocht duel mei Japan wiene de Japanske froulju Nederlân lykas ferline wykein yn Inzell de baas. Op sa'n 1800 meter hiene Linda de Vries en Antoinette de Jong in lytse oanfarring, wêrnei't it ritme út de ploech wie.

Japan klokte úteinlik in winnende tiid fan 2.59.58, goed foar in nij baanrekôr. Nederlân waard twadde mei 3.01.26. It tredde plak gong nei de froulju fan Poalen mei 3.01.51.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)