Nederlânske froulju groepswinner yn EK-kwalifikaasje

20 sep 2015 - 18:03
  • Sisca Folkertsma (l)

De Nederlânske fuotbalfroulju ûnder de 19 jier binne groepswinner wurden yn de earste faze fan it EK-kwalifikaasjetoernoai. De ploech spile de tredde en lêste wedstriid yn de groep mei 1-1 lyk tsjin Italië. De fuotbalfroulju mei yn de seleksje de Friezinnen Sisca Folkertsma út Sleat en Lisanne van der Wal fan De Jouwer wienen der tongersdei al seker fan dat se fierder geane yn it toernoai, nei de 12-0 oerwinning op Moldavië.

De twadde faze fan it kwalifikaasjetoernoai foar it Europeesk Kampioenskip wurdt spile fan 5 oant 10 april 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)