Nederlânsk rekôr Age Hulder

17 jul 2010 - 22:53
  • Age Hulder, Hiske Galama, Ysbrand Galama (foto: Martin de Jong)

Age Hulder wie sneontejûn yn syn wenplak Burgum de grutte man by it Keningsljeppen. De 16-jierrige fierljepper sette yn syn earste finalesprong in geweldich nij Nederlânsk en Frysk rekôr del. Nei 18 meter en 96 sintimeter kaam Hulder yn it sânbêd del. Dêrmei ferbettere er it Nederlânsk rekôr dat Wilco van Amerongen ferline jier yn Linschoten delsette mei acht sintimeter.

It Fryske rekôr stie mei 18.80 op namme fan Albert-Jan Venema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)