Nederlânsk poadium 500 meter

10 feb 2014 - 17:23
  • Michel Mulder wint goud, krekt foar Jan Smeekens
  • Jan Smeekens yn aksje op de 500 meter

Michel Mulder is de earste Nederlânske winner fan Olympysk goud op de 500 meter. Wrâldkampioen Mulder bleau Jan Smeekens, ynwenner fan Snits, mar ien hûnderste fan in sekonde foar. Smeekens wûn de earste 500 meter yn 34.59, Michel Mulder waard twadde yn 34.63. Op de twadde 500 meter gong de winst nei Ronald Mulder dy't mei 34.49 in nij baanrekôr ried. Michel Mulder kaam yn 34.67 oer de streek, Jan Smeekens yn 34.72. Krekt as op de 5000 meter kleure it poadium oranje mei Michel Mulder, Jan Smeekens en Ronald Mulder.

Oant no ta hie Nederlân op de 500 meter mar twa kear in medalje wûn op de 500 meter. Lieuwe de Boer helle yn 1980 yn Lake Placid in brûnzen medalje en Jan Ykema pakte sulver yn 1988 yn Calgary.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)