Nederlânsk alvetal útskeakele

16 aug 2008 - 18:12
  • Trainer Foppe de Haan

Nei trije matige groepswedstriden is it Nederlânsk alvetal ûnder lieding fan trainer Foppe de Haan dochs noch útskeakele yn it Olympysk fuotbaltoernoai. Oranje joech yn de kwartfinale yn Shanghai foaral nei rêst goed partij oan Argentynje.

De regearjend Olympysk kampioen makke yn de ferlinging úteinlik dochs it ferskil: 2-1. Royston Drenthe miste oan 'e ein fan de wedstriid in grutte kâns om op foarsprong te kommen. Hy skeat de bal oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)