Nederlanners yrritant

01 aug 2009 - 14:00

Noarderlingen ergerje har op fakânsje it measte oan oare Nederlanners. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de NDC mediagroep, de útjouwer fan de Ljouwerter krante. It ûndersyk waard dien ûnder 10.000 Noarderlingen. Nei de Nederlanners ergerje we ús it measte oan Britten en Russen.

Ut it ûndersyk wurdt ek dúdlik dat de helte fan de Noarderlingen Nederlânske produkten meinimme op fakânsje, lykas hageslach en krûderijen. Ien op de fiif kin net sûnder de laptop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)