Nederlanners dogge hieltyd minder bouputsjes yn hûs sels

26 okt 2015 - 19:01
  • Profesjoneel putsjeman Oane Woudstra
  • Willem Bosch hat in eigen putsjebedriuw

Nederlanners dogge hieltyd minder putsjes sels. Dat docht bliken út ûndersyk fan ABN/Amro. Wylst de lêste tiid mear huzen ferkocht wurde, falt de omset fan de grutte boumerken leger út. Ien fan de oarsaken soe wêze dat de jongerein gjin putsjes mear dwaan wol en de âlderein it net mear goed doart. Boppedat soene websiden lykas bygelyks Werkspot - dêr't flot en foardielich in fakman regele wurde kin - dêrop fan ynfloed wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)