Nederlân is WK finalist nei maklike winst op Taipei

06 nov 2015 - 19:33
  • Erwin Zwart

Nederlân hat mei gemak de finale helle fan it WK kuorbal yn België. Yn Antwerpen waard Sineesk Taipei yn de heale finale mei 40-17 ferslein. De Oranje-kuorballers setten yn heech tempo mei in protte goals geweldich útein. By it skoft wie de wedstriid eins al spile: 21-4.

Tweintich minuten foar de ein hie bûnscoach Wim Scholtmeijer syn basis acht ferfongen en krige ek Erwin Zwart syn spylminuten. De LDODK-er makke ien goal. Snein wurdt de finale spile. Tsjinstanner is België, dat de oare heale finale mei 30-14 fan Ingelân wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)