Nederlân wint WK kuorbal U19

31 mrt 2013 - 18:05
  • Kuorbal

De Nederlânske kuorbalploech hat snein yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert it offisjeuze WK ûnder de 19 jier wûn. Yn in spannende finale waard tsjinstanner België mei 16-14 ferslein. Benammen yn it begjin wienen de doelpunten djoer. Beide ploegen sochten mei in 9-8 foarsprong foar de Belgen de klaaikeamer op.

Ek nei it skoft bleau de stân lang lykop gean. Pas yn de slotfaze wist de ploech fan trainer Kees Jan Oppe it ferskil te meitsjen en joech de wrâldkampioen de winst net mear út hannen.

It tredde plak gong nei Sinees Taipei (Taiwan) dat yn de striid om it brûns mei 11-10 krekt te sterk wie foar Ingelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)