Nederlân wint ploegerit

24 feb 2008 - 17:13
  • De Nederlânske ploech wie dúdlik sterker as de konkurrinsje (foto Martin de Jong)

De Nederlânske reedrydploech hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf de ploege-efterfolging wûn. It team fan bûnscoach Wopke de Vegt bestie út Sven Kramer, Carl Verheijen en Wouter Olde Heuvel. Har tiid wie 3.40,20.

Kanada waard twad yn 3.44,97 en Ruslân tred yn in tiid fan 3.46,75. Troch de oerwinning wûn Oranje ek it klassemint fan de wrâldbeker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)