Nederlân wint ploegerit

09 des 2007 - 17:03
  • It Nederlânske 'treintsje' gie snein dat it slydjage (foto Martin de Jong)

It Nederlânsk trio hat sneintemiddei by de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean it ûnderdiel ploege-efterfolging wûn. De tiid wie 3.40,57.

It team bestie út trije riders fan TVM: Sven Kramer, Erben Wennemars en Wouter Olde Heuvel. Carl Verheijen, dy't normaal ek meidocht, wie der net by fanwege in blessuere. Nederlân is wrâldkampioen op dit ûnderdiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)