Nederlân wint fan Servië

12 jun 2006 - 09:20

It Nederlânsk alvetal hat sneintemiddei de earste groepswedstriid op it WK fuotbal yn Dútslân wûn. De ploeg fan bûnscoach Marco van Basten fersloech Servië en Montenegro yn Leipzig mei 1-0.

Arjen Robben makke nei goed in kertier it doelpunt, nei in foarset fan Robin van Persie. Yn deselde groep wûn Argentinië sneon al mei 2-1 fan Ivoarkust. Nederlân spilet freed de twadde groepswedstriid tsjin Ivoarkust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)