Nederlân út resesje

13 nov 2009 - 12:53
  • Noch gjin dúdlike sifers oer it Noarden

Nederlân is offisjeel út de resesje, sa litte sifers fan it Sintraal Buro fan de Statestyk, it CBS, sjen. It tredde kwartaal is de ekonomy mei 0,4 prosint groeid yn ferliking mei in kwartaal earder. As je it fergelykje mei itselde kwartaal ferline jier is de ekonomy krompen mei 3,7 prosint.

In soad sifers oer hoe't it der hjir yn Fryslân en it Noarden foar stiet, binne der noch net. Wol meldt de Keamer fan Keaphannel dat it sakjen fan de eksport minder hurd giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)