Nederlân ûnder de 19 jier útskeakele op EK

13 jul 2015 - 22:54
  • Pelle van Amersfoort

It is de fuotballers fan Nederlân ûnder de 19 jier net slagge om de heale finales op it EK te heljen. De ploech mei dêryn SC Hearrenfean-spilers Pelle van Amersfoort, Tarik Kada en Michel Vlap spile mei 1-1 lyk tsjin Spanje. Der moast wûn wurde, wêrtroch't it kampioenskip der no yn 'e groepsfaze al op sit.

Van Amersfoort makke de iennige goal foar Oranje út in strafskop. Kada makke syn earste minuten fan it toernoai tsjin de Spanjaarden. Vlap bleau de hiele wedstriid op de bank. Spanje en Ruslân gean nei de folgjende ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)