Nederlân ûnder de 19 jier ferliest op EK fan Dútslân

10 jul 2015 - 22:42
  • Michel Vlap

It Nederlânsk fuotbalalvetal ûnder de 19 jier hat freed de twadde wedstriid op it EK mei 1-0 ferlern fan Dútslân. Hearrenfean-spiler Pelle van Amersfoort krige twa kânsen, mar koe net lykas yn de earste wedstriid in doelpunt meitsje. Snitser Michel Vlap mocht in pear minuten foar tiid ynfalle. Foar him betsjutte syn ynfalbeurt it debút op it EK. Tarik Kada bleaun 90 minuten lang op 'e bank. Ien minút foar tiid makken de Dútsers de ienige goal fan de wedstriid. Oranje moat no moandei winne fan Spanje om troch te gean nei de folgjende ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)