Nederlân op EK yn Ljouwert

06 mrt 2009 - 12:18

It Nederlânsk team spilet op it EK kuorbal yn 2010 definityf alle trije pûlwedstriden yn Ljouwert. Dat hat it kuorbalferbûn KNKV freed bekend makke. Foar de organisaasje yn Ljouwert is dat in boppeslach omdat it Nederlânske team mear taskôgers lûkt as oare lannen.

De foarronden steane op it programma fan 22 oktober oant en mei 24 oktober. Oare spylstêden binne Almelo, Den Haag en Tilburg. Nei de pûlfaze ferhuzet it toernoai nei Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)