Nederlân ferliest keatsfinale

28 aug 2012 - 17:22
  • De Belgen winne wk keatsen ynternasjonaal spul

Nederlân is tiisdeitemiddei twadde wurden by it ynternasjonaal spul op it WK keatsen. It team ferlear fan België, de regearend wrâldkampioen, mei 5-3 en 40-15. Italië waard twadde.

It Nederlânske team hie troch in 6-2 oerwinning tsjin Spanje de finale helle. Dat diene de keatsers Michel van der Veen, Gert Jan Meekma, Hendrik Kootstra, Feiko Broersma, Tjisse Steenstra en Hans Wassenaar. De Belgen wûnen harren heale finale mei 6-4 fan Italië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)