Nederlân en België boppe-oan

22 mrt 2008 - 17:11

De kuorballers fan Nederlân en België binne nei twa dagen kuorbaljen op it Junior World Cup toernoai winner wurden fan harren groep. Nederlân wie op dit wrâldkampioenskip oant 19 jier yn Ljouwert fierwei de sterkste yn groep 1. België hie it yn groep 2 dreech tsjin Taipei, mar wûn wol.

It talinteteam fan it distrikt Noard, mei in grutte Fryske ynbring, wûn ek al har wedstriden. Reglemintêr komt dizze ploech net yn de einstân foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)