Nederlân dochs nei WK-keatsen?

28 nov 2005 - 23:09

Nederlân docht takom jier miskien dochs noch mei oan it WK keatsen yn Kolombia. Dat seit it keatsbûn KNKB. Nederlân hie ôfsein, omdat it yn Kolombia net feilich is, troch de wapene striid fan rebellen tsjin it regear.

It toernoai is no útsteld fan ein jannewaris nei novimber 2006, fanwege de útbarsting fan in fulkaan by it plak Pasto, dêr't it toernoai hâlden wurde soe. As it yn novimber feiliger is, docht Nederlân mooglik dochs mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)