Nederlân 4e op efterfolging

14 mrt 2010 - 16:48

De Nederlânske efterfolgingsploech is snein by de wrâldbekerfinale op Thialf as fjirde einige. De ploech fan Wopke de Vegt kaam oer de streek yn in tiid fan 3.48.35. Sy wiene seis sekonden stadiger as Noarwegen dat in tiid fan 3.42.77 klokte. De Noaren wienen rapper as Kanada 3.44.30 en de Feriene Steaten 3.45.70.

Troch dat resultaat pakten de Noaren ek de einwinst yn it wrâldbekerklassemint. Nederlân einige yn it einklasemint as twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)