Nederlân wint EK bôlebakken

05 mrt 2012 - 18:53

Nederlân is Europeesk kampioen boulangerie, bôlebakken, wurden. It team mei dêryn Wietse Schiere fan Jobbegea wie de bêste fan de acht finalisten.

Op de bakkerijdagen yn Amsterdam slagge it de trije Nederlanners de heechste eare op it gebiet fan it bôlebakken te heljen, 'Les Pellons D'Or'. It stik dat it team makke, hie as tema floara en fauna. Schiere makke de Viennoiserie, sis mar de swiete broadsjes. It is syn lêste wedstriid. Hy hat no alle titels al in kear wûn. Schiere sil him no talizze op it sjurearjen en begelieden fan bakkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)