NEC wol Geert Arend Roorda

10 maaie 2011 - 11:17
  • Geert-Arend Roorda (foto: Martin de Jong)

Alex Pastoor is sa goed te sprekken oer Geert Arend Roorda, dat de trainer de middenfjilder meinimme wol nei syn nije klup NEC. Pastoor is no noch trainer by Excelsior, dêr't Roorda nei de winterstop oan ferhierd is. By de Kralingers wie de middenfjlder al seis kear doeltreffend.

Roorda syn kontrakt rint by SC Hearrenfean noch ien jier troch. Yn in koart tillefoantsje mei Roorda hat Ron Jans oanjûn dat Roorda wolkom is by de earste training op 24 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)