NEC nei Harkemase Boys

28 aug 2013 - 22:08
  • Harkemase Boys

Harkemase Boys hat yn de earste ronde om de KNVB beker mei 4-1 fan Rohda Raalte wûn. Op sportpark De Bosk kamen de Boys nei rêst op foarsprong doe't Robin Huisman de Jong in strafskop fersulvere. Boppedat moast Rohda mei 10 man fierder. In eigen Rohda goal soarge foar de twadde Harkemaster treffer. De oanslutingstreffer fan Rohda brocht de spanning lykwols werom yn de wedstriid. Mei twa treffers yn de slotminuten sleepte Heine Uuldriks de oerwinning binnen.

De Boys nimme it 24 septimber thús op tsjin earedivisionist NEC út Nijmegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)