'Neat te rêden by Essent'

20 nov 2002 - 00:00

Essent ûntkent dat der banen ferlern geane by festigingen yn Ljouwert en Snits. De VVD-fraksje fan de gemeente Ljouwert en de gemeente Snits hienen de alarmklok let. Der soenen berjochten wêze oer sluting en ek banen soenen faai stean.

It kabelbedriuw seit dat der neat fan wier is. De wurkgelegenheid is, lykas ôfpraat, foar tsien jier garandearre. Sa lit in wurdfierder witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)