"Neat mis mei stimming lederie"

13 jan 2006 - 16:53

De stemming foar de nije lederie fan wenningbouferiening Smellingerlân yn desimber is korrekt ferrûn. Dat seit notaris Harmsma út de Jouwer, neidat er alle útbrochte stimmen besjoen hat.

Twa leden fan de bewennersrie dienen by de plysje oanjefte, omdat se fûnen dat de stimming net neffens de regels gien wie. Ynkoarten sil de direksje fan de wenningbouferiening de konklúzjes fan de notaris beprate mei de twa leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)