'Neat-keapje-dei' yn Fryslân

25 nov 2006 - 14:06

It wie sneon 'Koop niets dag'. Yn 1992 is dizze dei as in ienmansaksje begûn yn Kanada. No 14 jier letter wurdt der yn mear as 60 lannen aksjefierd op dizze dei. Mei in standsje, stensils en in ludike fergese knuffel fregen de aksjefierders yn Ljouwert omtinken fan de keaplustigen.

Sa flak foar de feestdagen wurdt der altyd al mear kocht as oars. Dêrom fûnen de aksjefierders dit in goede dei foar har aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)