Neakene man oanholden

26 okt 2008 - 14:27

De plysje hat sneontemiddei yn gearwurking mei tsjûgen in Ljouwerter (25) oanholden. Tsjûgen hiene sjoen dat de man neaken op de heuvel fan it Abbingapark yn Ljouwert lei. Doe't de plysje op it plak kaam, naaide er út. Efkes letter krige de plysje telefoantsjes fan tsjûgen, dy't seagen dat in man him ferstoppe yn de boskjes by de Tjallingawei. Hy waard fûn achter in beam en herkend troch de plysje. Hy is oanholden en foar ûndersyk oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)