Neakene man út wetter helle

17 des 2011 - 14:09

De helptsjinsten yn Ljouwert ha freedtenacht in Ljouwerter (32) neaken út it wetter helle oan de Gaumastate. Hy wie ûnder ynfloed fan drugs, nei alle gedachten GHB. De Ljouwerter woe net meiwurkje en koe mei muoite út it wetter helle wurde. Hy is ûnderkuolle oerbrocht nei it sikehûs. Der moasten fiif plysjeminsken oan te pas komme om him rêstich te krijen. Uteinlik is de man mei hânboeien oan it bêd fêstset oant de drugs útwurke wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)