NE-Fryslân:Flamingen op besite

25 sep 2012 - 16:07
  • De Flaamske delegaasje op besite by it Griene Nêst

Biologyske boeren, ûndernimmers mei bêd en brochje en krûdekwekers út Flaanderen leare tiisdei en woansdei mear oer streekprodukten yn Noardeast-Fryslân. Yn de Wâlden binne ferskate ûndernimmers dwaande mei streekprodukten as tsiis, wyn of wâldbeantsjes. Sokke produkten hawwe se yn België ek.

Mei jild út it Europeeske Leaderfûns is der in útwikseling. De Flamingen bringe bygelyks in besite oan it Griene Nêst yn Sumar, it sûkeladefabryk B&G Foodfactory yn Surhústerfean en it klompemuseum yn Noardburgum.

Christel van Voeren reagearret entûsjast op de besite. Sy hat in krûdekwekerij en sjocht wol wat yn in soarchbuorkerij, sa as yn Sumar. Oer twa wiken giet in groep produsinten fan streekprodukten út Fryslân ek op reis, dan om yn Flaanderen te sjen wat dêr mei streekprodukten dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)