NDSM-kraan fan ponton helle

29 jul 2013 - 10:03
  • De kraan wurdt fan it ponton ôf tild
  • De kraan wurdt fan it ponton ôf tild
  • Skipswerf Talsma yn Frjentsjer

Skipswerf Talsma yn Frjentsjer is begûn mei it takelwurk fan de NDSM-kraan út Amsterdam fan in ponton ôf. De âlde hellingkraan is yn Amsterdam útinoar helle en op it ponton set. Talsma sil him ferbouwe ta hotelkraan. Boppe-yn komme keamers, mei op in plat dak in jacuzzi. Talsma sil de keamers bouwe en ek plak foar de lift.

De hotelkraan komt, as er klear is, wer op it alde plak yn Amsterdam-Noard oan it IJ te stean. Yn oktober moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)